Noch in pear dagen, dan binne de gemeenteriedsferkiezings. Oan’t no ta ha wy xfas wakker drok dwaande hxe2lden mei de kampanje. Folders meitsje, program skriuwe, ferkiezingskrante skriuwe en gean sa mar troch. Fansels moast alles ek noch hxfbs oan hxfbs besoarge wurde, dat wy wiene der knap mei besteld.
It falt my wer op hoe foel at de striid tusken de partijen xfbnderling is. De ferkiezings binne in hurde striid, dxear’t elk besiket in oar it gers foar de fuotten wei te meanen. Of besiket de oare yn in wat minder deiljocht te stellen.
Riedsgearkomsten hawwe net in soad mear mei bestjoeren te krijen, mar ferwurde ta in poadium om jo elektoaraal (wat in moai djoer wurd) te profilearjen. By alle sprekkers leit it “de ….. (partij) stied tige noed foar” of “wy wolle xfas hjir och sa foar ynsette….”, foar yn’e mxfble. In soad wurden dy’t jo yn dy fjouwer jier dxearfoar net heard ha. Net myn smaak, mar goed it heart der by sa’t it skynt.
Mar no is it snein en noch twa dagen foar de ferkiezings. Tradysjegetrou is it in perioade fan radiostilte, dxear’t allinnich de ferkiezingsbuorden en reklamespotsjes har wurk noch dogge. In soarte fan stilte foar de stoarm. In stilte ek fan rekkenjen, hoopjen, ferwachtsjen en plannen meitsjen. Plannen foar tiisdeitejxfbn, as de xfatslach bekind wurdt. Want elk hat syn gedachten al klear oer de kolleezjefoarming fansels. Wa wol mei wa de koalysje foarmje? Wa kiest al as net bewust foar de opposysje? In spultsje sa’t der gjin twadden is. Wol in moai spultsje foar wa’t der oer kin. Besykje xfat te fiskjen wxear’t de mooglikheden lizze. Wxear dogge jo wetter by de wyn en wat binne de hurde punten? Wa binne de ferskate kandidaat-wethxe2lders en wat binne har kwaliteiten?
Oer dat lxeaste hoege wy net lang nei te tinken. De kandidaat wethxe2lders binne oan de measte listen maklik xf4f te lxeazen: Lute Pen wer by Gemeente Belangen, Arend Dijkstra wer foar it CDA, Wiko van der Meulen of Hans Flaman foar de PvdA, Marten van Asperen faaks foar de VVD. Allegearre xe2lde bekenden dus. Ik wit net of’t GrienLinks in kandidaat wethxe2lder op’e list hat. Ik tink it earliksein net, om’t hja no al mar ien sit hawwe en dat wie ek noch in restsit.
Wa’t xfas wethxe2lder wurde moat? Anna Martha van der Mei. In jonge frou xfat Tsjom. Net xfat’e eigen gemeente dus. Ek net ien mei in ferline hjir yn Menameradiel en dat is miskien wol sa noflik. Want dan steane jo xfbnbefoaroardiele tsjinoer persoanlike konflikten dy’t der west ha en noch wol binne. Want dy binne der legio. Spitigernxf4ch. In soad geharrewar hat der west de xf4frxfbne jierren. Tusken partijen, mar ek tusken persoanen.
It docht it bestjoer gjin goed en dat moat al oars, want wy wurde alle fyftjin keazen om’t xfas ynwenners tinke dat se op dy wize it bxeaste bestjoer foar Menameradiel kieze. Dy ferantwurdlikheid, foar dy rom 14.000 ynwenners meie jo nea ferjitte. Dy lju sitte der net op te wachtsjen dat wy elkoar te fjoer en te swurd bestride en allegeduerigen yn’e bek hingje. Mei elkoar moat de gemeente bestjoerd wurde, troch koalysje en opposysje.
Dat hxe2ldt yn dat de ferhxe2ldings better moatte. De koalysje moat de opposysje romte jaan om mear te wxeazen as fulling fan de, oars lege, stuollen yn’e riedsseal. Oarsom moat de opposysje net standerd de stikel omheech sette as der in plan xfat de koalysje komt. Wxearom gjin ynhxe2ldelike diskusje, dxear’t romte is foar elkoars stxe2npunten en ek romte is om jo miening by te stellen?
It hat de xf4frxfbne fjouwer jier te faak in kwestje west fan: wy hearre jim oan en dat is it dan. Dat komt fan beide kanten, net fan opposysje of koalysje allinnich. In diskusje ha we net meimakke: it wie in xfatwikseljen fan stxe2npunten en as it der om spande waard der hinne en wer noch in mislediging tsjinoan smiten. Dan de hannen omheech om te stimmen en klets, dxear gong de hammer wer.
Ik hoopje dat de ynwenners fan xfas gemeente tiisdei mei nocht nei de stimbus geane en dat de nije rie fris fan start gean kin. Sxfbnder om te sjen nei wat der west hat, mar mei de blik nei foaren. Want dxear leit de takomst fan Menameradiel en dy meie de riedsleden ynkleurje. Ik hoopje dat se (of wy, as ik ek wer keazen wurd) dizze kear wat freonliker tinten brxfbke sille.
Groetnis,
Martsje